It NK Skoaljonges yn Minnertsgea

It is sneon 20 juny 2015, ik sit thús en stean wat yn dubio, it is moai (fyts)waar, wol of net nei it keatsen en werhinne? D’r binne hjoed 3 NK’s (bûnspartijen), dy fan de froulju (St. Anne), skoalfamkes (Makkum) en skoaljonges (Minnertsgea). Mantgum docht mei yn Minnertsgea en St. Anne. Sa no en dan gean ik efkes nei de KNKB webside en sjoch dat Mantgum by de skoaljonges de earste twa omlopen oerlibbe hat.

Yn de tredde omloop treffe hja Menaem, de grutte kânshawwer op de oerwinning, hja binne fan de trije ôfdielings wedstriden, 2 kear earste en in kear treds wurden. Mantgum hat gjin skyn fan kâns neffes mij. De froulju, Ilse Noorman, Lyssa van der Ende en Amarins de Groot hawwe yn St. Anne de earste omloop fan Easterlittens ferlern. Ik stap, sûnder bestimmingsdoel, op de fyts en gean rjochting Frjentsjer. Bin sawat by Wjelsryp, rydt my in blaue auto lûd klaksonearjend foarby. 500 m fierderop stoppet de auto en wachtet my op. Yn de auto sitte de foarsitster en wedstriid sekretaresse fan K.F. Jacob Klaver. Baukje en Lyssa dus, giest mei, we geane nei Minnertsgea, de skoaljonges (Jelle Terpstra, Ignas Dijkstra en Gjalt de Groot) sitte by de lêste fjouwer! Dat betsjut dus dat hja de skoaljonges fan Menaem d’r ôfkeatst hawwe. ”Kinst de fyts wol by dizze boer delsette”, seit Lyssa. Mar ik bin leaver net sûnder myn ferfiermiddel en beslút op de fyts nei Minnertsgea te gean. Efkes tinke hoe ik no it bêste fytse kin. Neffens my moat ik fia Frjentsjer earst nei Doanjum. Op it fytspaad tusken Frjentsjer en Doanjum komt d’r immen nêst my fytsen. Ik wol dochs graach de befêstiging dat ik goed fyts en freegje myn buorman ”fyts ik sa rjochting Minnertsgea? \";;;;;;;;;; ”Jo sitte helendal ferkeard” seit de man, ”jo moatte werom nei Frjentsjer en dan rjochting Harns, jo sjogge dan fanself de ôfslach Minnertsgea. Mei de smoar yn kear ik om en fyts sûnder nei te te tinken rjochting Harns. Bin ik by Hjelbeam, kom ik wer by sinnen, wit ik no dat ik goed fytste en yn Hjelbeam hielendal ferkeard sit. Dit waard befestige troch in man dy’t syn túnsje oan it opkreazjen wie. ”Jo moatte werom nei Doanjum, mar jo kinne hjir daliks ek rjochts ôfgean en dan ûnder de grutte dyk troch rjochting Easterbierrum. De akku fan de fyts waard ferwiksele en mei gong nei Minnertsgea. It doel waard bysteld, ik woe op ’e tiid foar de priisútrikking wêze. Doe’t ik nei 43 fytskilometers it sportfjild fan Minnertsgea opfytste wie it earste wat my opfoel de read-wyt-swarte shirts op it keatsterrein.;;;;;;;;;;;;;; De clubkleuren fan Jacob Klaver, de jonges keatse de finale. De tillegraaf wiest oan dat it fiif om ’e twa is, mar foar wa? De tjinstanner (Eksmoarre) slacht op en bringt de bal by Ignas yn it perk. Ignas slacht de keats foarby, d’r komt in reade twa oan de tillegraaf te hingjen. De kant wert it spul ek hinget, mar wat fantastysk dat Mantgum yn de finale stiet. Uteinliks ferliest Mantgum mei 2-5 en 4-6, Mar wat in topprestaasje, de 2e priis op it NK skoaljonges!;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; In pear dagen letter sit ik by Oebele Anema, de coach fan dit jonges partoer.;;;;;;;;;;;;;; Oebele sil my bijprate oer it wedstriidferrin. Oebele is erfaringsdeskundige, yn 1969 wûn Oebele mei Húns-Leons de 1e priis by de Skoaljongesbûn. Dizze wike hat hy it wedstriidferslach fan de Ljouwerter krante nochris lêzen. Oebele sloech de hiel dei foar bêst op en sa no en dan at it d’r om spande naam hy ek wolris in perkplakje oer. En spannend wie it dizze dei, hja keatsen trije kear 5-5, ek yn de finale, doe waard it ek noch 6-6. Op dy stân waard de keats foarby slein. Oebele syn namme stiet dus op it KNKB boerd mei derop fermeld, alle NK winners. Ferline jier hat’r dat Gjalt, Ignas en Jelle efkes sjen litten, dan wisten hja ek wert it om gong.;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; Yn 2001 wie Oebele coach fan it Mantgumer jonges partoer. Bonne van der Wal, Bouwe de Bruin en Skelte Anema stienen doe by de jongesbond tsjin Wytmarsum yn de finale.;;;;;;;;;;;;;; Hja stiene mei 5-4 en 4-2 foar. Troch in dubieus skiedsrjochters beslút, dy’t sels in ynstoerd stik yn de Louwerter krante oplefere, wa’t it net 6-2 foar Mantgum mar 4-4. De jonges wiene fan slach en ferleren de finale. Oebele tinkt hjir noch gauris oan werom;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; Oebele is no twa jier de begelieder fan it skoaljonges partoer, Moai om te dwaan seit Oebele en it is te oersjen, 5 á 6 kear it jier geane hja d’r op út. Ferline jier meastal yn de earste omloop d’r ôf, soms koenen hja twa potsjes keatse. Ek de earste twa partijen fan dit keatsseizoen lefere gjin pryske op. Mar by de tredde ôfdielingswedstriid yn Dronryp sieten hja by de priiswinners, it waard in fjirde priis. In wike letter it NK yn Minnertsgea. ;;;;;;;;;;;;;; Meiinoar mei Oebele yn de auto d’r hinne, goed foar de teambuilding. Yn de 1e omloop waard d’r keatst tsjin Hommerts-Jutryp. Gjalt de Groot efter yn it perk en foar bêst op, foaryn Jgnas Dijkstra en Jelle Terpstra foar minst op. Efternei wie dit in opwaarmomloop. Mei deeglik keatsspul wûn Mantgum dizze partij mei 5-1 en 6-4.;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; De twadde omloop wie Niawier/Mitselwier/Easternijtsjerk de tsinstanner. Hja wienen om 5-5 en 6-6 Tsjom krekt de baas. Ek dit wie net al te dreech, in regelmjittige oerwinning, it waard 5-2 en 6-2. Trainingspak oan, hapke iten en de rêst bewarje. De coach hat it goed yn ’e hân.;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; De tredde omloop, tsjinstanner Menaem, de favoryt. It waard de bêste partij fan de Jacob Klaver boys. Dat wie ek nedich om in kâns te meitsjen op de oerwinning. Uteinliks koe Mantgum frij út keatse, hja hiene neat te ferliezen, allinne mar te winnen.;;;;;;;;;;;;;; It earste buordsje wie foar Mantgum. Mantgum keatste hiel konstant. Sûnder oaren te koart te dwaan wie dit foaral de wedstriid fan Gjalt. Ek taktysk siet it goed yn mekoar. D’r waard faak yn it perk wiksele, dit hong ôf fan waard by Menaem oan de opslach stie. Ek oan de opslach waard d’r wol wiksele, dan sloeg Ignas foar minst op. Mantgum rûn fia 4-2 út nei 5-2. Menaem kaam noch ien kear werom en hellet it tredde buordsje binnen. Mar op 5-3 en 6-4 wie Menaem d’r ôf en stie Mantgum bij de lêste fjouwer en wie de tredde priis binnen. De coach seach mear mooglikheden en moast it partoer skerp hâlde. Je moatte d’r altyd foar gean en de bedoeling wie mei faasje útein te gean, aldus Oebele…….;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; De fjirde omloop, tsjinstanner Kimswert. Kimswert hie yn de tadde omloop ûnferwachts fan Anjum (ek in kânshawwer) wûn. Yn de tredde omloop keatste Kimswert 5-5 en 6-6 tsjin Weidum. Weidum mei Aebe Haaima en Pier Koopmans, bekinde nammen yn de keatswrâld.;;;;;;;;;;;;;; Weidum hat trije partijen keatst en eltse kear waard it 5-5 en 6-6.Karel Monfils wie de sterke man by Kimswert, d’r moast om him hinne keatst wurde , wat goed slagge. ;;;;;;;;;;;;;; Mantgum wûn op 5-3 en 6-6. ;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; Yntusken hie it goeie keatsen fan Gjalt, Ignas en Jelle Mantgum ek berikt. Supporters fanút Mantgum setten op nei Minnertsgea, hja woenen d’r by wêze. De stjinstanner wie it sterk keatsende partoer fan Eksmoarre. Eksmoarre hie yn de foargeande fjouwer partijen mar seis tsjinearsten. Ferline wike hie Mantgum noch in hiele spannende partij tsjin Eksmoarra keatst, d’r wiene dus kânsen.;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; Earst waard it Frysk folksliet foar de finalisten spile en doe gong it los.;;;;;;;;;;;;;; Eksmoarre keatse foaral in taktysk sterke finale. Gjalt waard yn it perk safolle mooglik mijt, ek waard Gjalt sa gau as koe fan de opslach helle troch it lizzen fan keatsen. Boppedat hat Pieter Jan Leijenaar in hiele sterke opslach. Mantgum komt in spul achter, komt werom ta 1-2, mar de folgjende buordsjes geane nei de tsjinstanner. Uteinliks giet Mantgum stridend ta ûnder en ferlize hja mei 5-2 en 6-4;;;;;;;;;;;;;; Nettsjinsteande meie Gjalt, Ignas, Jelle en coach Oebele, grutsk wêze op dizze geweldige prestaasje. K.F. Jacob Klaver, nei ek de twadde priis by it NK Famkes, is tige ynnommem mei dizze prachtige suksessen!;;;;;;;;;;;;;; ;;;;;;;;;;;;;; Utslach:;;;;;;;;;;;;;; 1e priis: Eksmoarre, Christiaan Stremler, Dennis Strikwerda, Pieter Jan Leijenaar.;;;;;;;;;;;;;; 2e priis: Mantgum, Gjalt Sjirk de Groot, Ignas Dijkstra, Jelle Terpstra;;;;;;;;;;;;;; 3e priis: Winsum, Wessel Hilverda, Hessel Postma, Gosse de Haan;;;;;;;;;;;;;; 3e priis: Kimswert,Martijn Wiersma, Klaas Westra, Karel Monfils;;;;;;;;;;;;;;

Geplaatst op 21 June 2015